20 januari 2025

Boekberjocht: 5 febrewaris ferskynt 'Fisk' fan Tjibbe Hooghiemstra & Douwe Kootstra

Logo Noordboek

5 febrewaris ferskynt by Bornmeer

Fisk

Tjibbe Hooghiemstra & Douwe Kootstra

De bokking better besjoen, in reuzesnoek út ’e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan ’e dôber. It binne in pear foarbylden dy’t op lichtfuottige wize yn Fisk oan ’e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân.

 

Nei harren earste projekt – Stabij, in boek oer in hûn (twa Fryske drukken en in Nederlânse oersetting) – is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn ’e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lês- en sjochboek.

Fisk | Tjibbe Hooghiemstra & Douwe Kootstra | ISBN 978 94 6471 273 5 | Hardcover | 96 siden | ferkeappriis € 17,90 | ferskynt 5 febrewaris by Bornmeer

Foar de redaksje

Foar mear ynformaasje, in proef, resinsje-eksimplaar of ynterviewfersyk kinne jo kontakt opnimme mei Bornmeer, Angela van der Meulen, T 0513-490 319 of E avandermeulen@noordboek.nl. Besjoch al ús parseberjochten ynklusyf bestannen fan binnenwurken en covers yn ús Newsroom: https://noordboek.pr-newsroom.nl/pressreleases

Bornmeer foarmet tegearre mei Noordboek en Sterck & De Vreese de fluchst groeiende útjouwerij op it mêd fan non-fiksje yn Nederlân. De fûnsen rjochtsje har benammen op keunst en skiednis, natuer, filosofy, wittenskip en regionale non-fiksje.