Boekberjocht: 19 july ferskynt 'Pake Sytse' fan Rink van der Velde
19 july ferskynt by Bornmeer |
Pake Sytse |
Rink van der Velde |
Pake Sytse is in klassiker yn it wurk fan Rink van der Velde (1932-2001). It is de bjusterbaarlike histoarje fan Sytse Cavelier, dy’t as jongkeardel samar ferdwûn. It ferhaal wurdt ferteld troch pakesizzer Jehannes.
‘Pake is jong weirekke, sa waard letter sein as it te praat kaam en wy ús mem of beppe fregen wêrom’t der net in pake by ús beppe wie. De rike Fryske taal stelde harren yn steat om de wierheid achter te hâlden sûnder dat men it ligen neame koe.’
Fjirtich jier letter is pake Sytse ynienen werom. Hy set him ta wenjen yn in âld wenskip yn it romme fjild fan De Deelen, tusken De Tynje en Aldeboarn. Dêr is er begûn en dêr wol er de ein besile. Dat soks hjoed de dei net mear kin, wol him mar min oan. As er foar it ferstân krijt dat er de slach ferlieze moat, docht er syn dingen. |
Pake Sytse | Rink van der Velde | ISBN 978 94 6471 214 8 | Njoggende printinge | Paperback | 208 siden | ferkeappriis € 17,90 | ferskynt 19 july by Bornmeer |
Freed 19 july oansteande sil de werútjefte fan dizze klassiker fierd wurde mei in presintaasje by de pakesizzers fan pake Sytse. De iepening is fan 16.00 oere ôf by Galerie Pilat&Pilat, Tsjerkebuorren 40, Twizel. |