354050.jpg
20 mei 2026

Boekberjocht: hjoed ferskynt 'De Oerpolder' by Bornmeer | 6e printinge | Hylke 90 jier

Logo Noordboek

Hjoed ferskynt by Bornmeer

De Oerpolder

 

Hylke Speerstra

Hylke Speerstra socht om in ferlerne mienskip en fûn dy yn it Heidenskip fan de njoggentjinde ieu. Fan 2002 ôf hie er (fraach)petearen mei mear as twahûndert Heidenskipsters, âld-Heidenskipsters en oare belutsenen út de omlizzende doarpen en fiere omkriten. Hy djippe fergetten oantekeningen op, lies âlde deiboeken en notysjes, sneupte yn argiven fan ynstânsjes en famyljes, knope raffelige einen oan elkoar en folde de feiten oan mei fiksje. In noch te ferskinen twadde diel sil gean oer de yngripende feroaringen op it plattelân yn de tweintichste ieu.

‘Ferhalen dy’t woartelje yn ’e foarbije werklikheid, mar dy’t ta libben brocht binne troch it ynlibjend fermogen en it fertellerstalint fan de skriuwer, opskreaun yn de beste tradysje fan de ferhalende literatuer. Dit boek tilt op fan sênes dy’t men net licht ferjit.’ — LeeuwarderCourant

‘Zulke mooie verhalen van passie en noodlot, van onvermijdelijke doem en ondergang, van worstelende kleine mensen onder het grauwe zwerk, dat het soms is alsof je een van de oude Russen zit te lezen.’ — De Volkskrant

‘Hylke Speerstra’s De oerpolder is een bijzonder overtuigend, fraai boek.’ NRC

De Oerpolder | Hylke Speerstra | ISBN 978 94 6471 474 6 | Paperback | 512 siden | ferkeappriis € 24,90 | ferskynt hjoed by Bornmeer