17 juni 2022

Boekberjocht: 27 juny ferskynt 'Fryslân yn de Gouden Iuw' fan Philippus Breuker

 

27 juny ferskynt by Bornmeer

 

Fryslân yn de Gouden Iuw

Philippus Breuker

 

Hoe seach Fryslân der yn de Gouden Iuw út? Wat hat tusken 1585 en 1685 it ûnderskiedende west fan Fryslân binnen de Republyk? Fryslân ûnderskiede him fan de oare gewesten troch in eigen steedhâlder, in bloeiende akademy en troch in taal.

Lju út de boargerij koenen foar it earst in foarnaam plak fine yn de maatskippij en waarden sa diel fan de regintemacht. In nije, ûnôfhinklike steatsfoarm koe opboud wurde. Mar om 1620-1630 hinne waard yn reginterûnten eigenbelang boppe publyk belang steld en de ekonomyske efterútgong fan 1650 ôf makke dat doe in iuwen duorjende statyske stannemaatskippij ûntstie.

De Gouden Iuw wie foar Fryslân in bloeiperioade dy’t noait mear neifolging krige.

Philippus Breuker (1939) hat meiwurker fan de Fryske Akademy west en heechlearaar oan de universiteiten fan Leiden en Amsterdam. Hy publisearret oer skiednis, letterkunde en lânskip fan Fryslân.

 

Fryslân yn de Gouden Iuw | Philippus Breuker | ISBN 978 90 561 5911 5 | hurd kaft | 640 siden | ferkeappriis € 49,90 | ferskynt 27 juny by Bornmeer


Bijlagen en downloads

Inkijk_Fryslân yn de gouden iuw.pdf
Download bestand
OMS_voor_Fryslân yn de Gouden_hr.jpg
Download bestand