28 augustus 2025

Boekberjocht: 5 septimber ferskynt 'Mienskiplike dealer' by Bornmeer

Logo Noordboek

5 septimber ferskynt by Bornmeer

Mienskiplike dealer

Ferdinand de Jong

Hy rint nei ien fan de kasten dêr’t ark yn leit, lûkt him wat nei foaren en docht op gefoel in taast achter de kast. En noch in kear. En nochris... Dan krijt er syn mobyl, docht it ljochtsje oan en skynt achter de kast. Hy wurdt sa wyt as kryt...

Op it poadium fan teater it Posthuis hinget it lichem fan teatertechnikus Fokke Klingberg. As in wike nei syn kremaasje skoansuster Hanna Klingberg ferdwynt, blykt der in ferbân. Resjersjeur Annet Hillema en har team moatte mei help fan priveedetective Paul Graafsma alle seilen bysette om beide saken op te lossen. Se bedarje yn in wrâld fan drugs en ôfparsing.

Mienskiplike dealer is de twadde yn in searje plysjeromans yn en om It Hearrenfean.

Mienskiplike dealer | Ferdinand de Jong | ISBN 978 94 6471 435 7 | Paperback | 160 siden | ferkeappriis € 19,90 | ferskynt 5 septimber by Bornmeer