24 july ferskynt 'Oerbleaune Rimen en Teltsjes' by Bornmeer

![]() |
24 july ferskynt by Bornmeer |
Oerbleaune Rimen en Teltsjes
Fan de bruorren Halbertsma
|
![]() |
Philippus Breuker |
De Rimen en Teltsjes hearre ta de klassiken fan de Fryske literatuer. It is it sammelwurk fan de bruorren Eeltsje, Tsjalling en Joast Halbertsma, dat mear as oardel iuw lyn foar it earst útkaam. It waard faak werprinte en ek oanfolle, mar dochs binne net alle literêre dichten en stikken fan de bruorren útjûn. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân Eelko Alta (1723-1798), De keunst as útwei en Fryslân yn de Gouden Iuw. |
Oerbleaune Rimen en Teltsjes. Fan de bruorren Halbertsma | Philippus Breuker | ISBN 9789464713787 | Paperback | 216 siden | ferkeappriis € 22,90 | ferskynt 24 july by Bornmeer |