22 oktober 2024

Boekberjocht: 19 novimber ferskynt 'De NEEhoarn' fan Marc-Uwe Kling

Logo Noordboek

19 novimber ferskynt by Bornmeer

De NEEhoarn

yn 't Frysk!

Marc-Uwe Kling

Yn it Hearlike Hertewâld wurdt in snoeperdepoeperige Ienhoarn berne. Hoewol’t elkenien lilaleaf foar him is en hy oanienwei fuorre wurdt mei swiete geloksklaver, gedraacht dat bist him bepaald net ienhoarneftich! Hy seit op alles domwei NEE, en dus wurdt er troch syn famylje al gau allinnich noch mar NEEhoarn neamd.

Op in dei rint de NEEhoarn fuort út syn sûkerwattewrâld.
Hy treft in waskbear dy’t net lústerje wol, in hûn dy’t it allegearre neat skele kin, en in prinses dy’t ivich en altyd wjerwurd jout.
Dy fjouwer foarmje in knap partoer.
Want mei-inoar lekker bokkich wêze is folle leuker!

De NEEhoarn. Yn 't Frysk! | Marc-Uwe Kling | mei yllustraasjes fan Astrid Henn | Oersetting troch Martsje de Jong | ISBN 9789464712728 | Hardcover | 48 siden | ferkeappriis € 17,99 | ferskynt 19 novimber by Bornmeer