15 augustus 2024

Boekberjocht: 15 septimber ferskynt 'Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen' fan Freddie Scheltema

Logo Noordboek

15 septimber ferskynt by Bornmeer

Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen

Freddie Scheltema

Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber.

Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn ‘Kastraasje’. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer ‘De skieding’ en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy’t as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket.

Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer.

 

Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.

 

Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen | Freddie Scheltema | ISBN 978 94 6471 269 8 | Paperback | 112 siden | ferkeappriis € 14,90 | ferskynt 15 septimber by Bornmeer