25 augustus 2023

Boekbericht: 27 septimber ferskynt 'De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer' fan Jochem Myjer

Logo Noordboek
 

27 septimber ferskynt by Bornmeer

 

De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer

yn 't Frysk!

 

 
 

Jochem Myjer

 

Melle en syn famylje binne op fakânsje yn ’e Alpen.

Midden yn ’e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia?

Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn’t it spoar liedt nei de gletsjer, dy’t stadich begjint te ranen no’t it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn ’e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy’t alles wit oer de gefaren fan ’e bergen …

 

In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels.

Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels! ‘Oerset nei it Frysk troch Martsje de Jong’

 

Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan ’e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!

 

De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer | Jochem Myjer | ISBN 978 94 6471 129 5 | Hardcover | 200 siden | ferkeappriis € 18,99 | ferskynt 27 septimber by Bornmeer

 
 
 
 

Yn 2021 ferskynde it suksesfolle earste diel ‘De Goargels’, dy 't troch grutte fraach yn 2022 op 'e nij drukt is.

De Goargels | Jochem Myjer | ISBN 978 90 5615 824 8 | Hardcover | 134 siden | ferkeappriis € 17,99 |  15 novimber 2021 ferskenen by Bornmeer