14 juli 2023

Boekbericht: 18 augustus verschijnt 'Hege loften' van Catharina Lautenbach

Logo Noordboek
 

20 augustus ferskynt by Bornmeer

 

Hege loften

Ferhalen

 

 
 

Catharina Lautenbach

 

De ferhalen yn Hege loften binne ôfwikseljend tragikomysk, realistysk of surrealistysk. De beskreaune wrâld is betroud en eigen, mar de haadpersoanen bedarje yn ûnbekend gebiet. Oertsjûgingen ferlieze har macht, hâldfêst falt fuort en in nije werklikheid wurdt ûntdutsen. Lykas yn har debút Fûgels yn ús skriuwt Catharina Lautenbach ferhalen mei faasje, gefoel en ûnderkuolle humor.

 

‘Konsintraasje yn taal en it skeppen fan in allessizzende sfear is it meast eigene oan har ferhalen. Mannich ferhaal wurdt der in moai miniatuer fan.’ – Jaap Krol yn it Friesch Dagblad

‘It giet yn har wurk oer selsstannich wurde, losli­e, kreatyf wêze, in oare kar meitsje. (…) Se hat in hiele moaie styl fan skriuwen.’ – Martsje de Jong op Omrop Fryslân

‘Se toant har in master yn de realistyske beskriuwing fan deistige situaasjes (…) en goed troffen psychologyske typearrings. In seldsume supernova oan ús taaleigen firmamint.’ – Lomme Skokker yn ensafh

 
 
 

Hege loften | Catharina Lautenbach | ISBN 978 94 6471 124 0 | Paperback | 160 siden | ferkeappriis € 17,90 | ferskynt 20 augustus by Bornmeer


Bijlagen en downloads

OMS_voor_hege loften_hr.jpg
Download bestand