02 juni 2023

Parseberjocht: 21 juny ferskynt 'De keunst as útwei - Biografy fan Simke Kloosterman (1876-1938)' fan Philippus Breuker

 

21 juny ferskynt by Bornmeer

De keunst as útwei

Biografy fan Simke Kloosterman (1876-1938)

Philippus Breuker

 

Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy’t ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen.
Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers.

Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.

 

De keunst as útwei - Biografy fan Simke Kloosterman (1876-1938) | Philippus Breuker | ISBN 978 946 471 079 3 | Paperback | 424 siden | ferkeappriis € 27,90 | ferskynt 21 juny by Bornmeer


Bijlagen en downloads

OMS_voor_SimkeKloosterman_hr.jpg
Download bestand