Parseberjocht: 6 april ferskynt 'In ekstremist út Westergeast' fan Oebele Vries
6 april ferskynt by Bornmeer
In ekstremist út Westergeast
Jan Bartele Vries, syn libbensgong, syn tinkwrâld
Oebele Vries
In Westergeastmer dy’t fûl nasjonaal-sosjalist wurdt. En allike fûl Frysk nasjonalist. Dy’t alhiel yn de ban is fan it Oera Linda Boek. En ek fan hinnen. En boppedat, wol it meast bjusterbaarlik, fan wite wiven. Dy't lid wie fan it geheime genoatskip De Swarte Heap. Dy't Fryslân oanbiede woe oan Hitler. En foar wa't Litouwen it needlot waard. Wat foar man wie dat wol?
Yn dizze biografy jout Oebele Vries in byld fan Jan Bartele Vries út Westergeast en fan de ûntjouwing fan syn tinken. It is de beskriuwing fan in tige fleurich en tagelyk djip tragysk man.
Oebele Vries is histoarikus. Hy is yn ’e fierte famylje fan Jan Bartele Vries en komt boppedat ek út Westergeast.
In ekstremist út Westergeast | Oebele Vries | ISBN 978 946 471 041 0 | Paperback | 224 siden | ferkeappriis € 19,90 | ferskynt 6 april by Bornmeer