16 november 2022

'De rebel' fan Joseph Roth

30 novimber ferskynt by Bornmeer

De rebel

Joseph Roth

Andreas Pum hat oan de ein fan de oarloch net folle oer. Hy hat noch ien skonk, in fergunning foar in draaioargel en in medalje op it boarst. Mar hy hat ek syn leauwe: yn minsken, yn alles dat boppe him stiet, yn it regear, yn God. Lykwols sil er dat geandewei allegear noch kwytreitsje, sadat er úteinlik net iens mear nei de himel ta wol.

Joseph Roth (1894-1939) skreau omtrint hûndert jier lyn dizze ynkringende roman oer in inerlike en uterlike omkear. Ek mei dit wurk lit Roth sjen dat er in skerp waarnimmer is fan persoanlike en maatskiplike ûntjouwingen dy’t fan alle tiden binne.

De rebel yn ’t Frysk | Joseph Roth | oerset troch Fedde Douwes Dijkstra | ISBN 978 90 5615 991 7 | Paperback |
144 siden | ferkeappriis € 16,90 | ferskynt 30 novimber by Bornmeer


Bijlagen en downloads

Inkijk_BM_Rebel_LR.pdf
Download bestand
Omslag-voorzijde-De-rebel-roth-bornmeer-HR.jpg
Download bestand