15 november 2022

Nije Fryske titels by útjouwerij Bornmeer

23 novimber ferskynt by Bornmeer

De fjildverhalen

Rink van der Velde

Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn ’e bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichtby kennen. Fiskje en jeie wie syn lust en syn libben. En harkje nei de ferhalen fan manlju dy’t de tiid noch meimakke hiene, dat minsken libje moasten fan fiskerij, mollefangen en de jacht op murden.

De fjildferhalen fan Rink van der Velde binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan it hâlden en dragen fan minske en bist yn it iepen fjild.

 

De fjildferhalen is in werútjefte fan de ferhalebondel fan Rink van der Velde (1932-2001), ien fan de populêrste skriuwers dy’t Fryslân kend hat.

De fjildferhalen | Rink van der Velde | ISBN 978 946 471 029 8 | Paperback | 256 siden |
ferkeappriis € 19,90 | ferskynt 23 novimber by Bornmeer


It smelle ûngelok

Harke Bremer & Jarich Hoekstra

Smelle ûngelokken, se komme jin alle dagen oer. Gjin stof foar grutte literatuer, soe men sizze. Te sleau en te pynlik om oer te praten. In taboe dêr’t dizze bondel lang om let mei ôfweeft. Bremer en Hoekstra ha de klassike balladefoarm foar kar nommen om de universelens fan dit tema en syn yngreven belang foar it minskene bestean klear yn ’t ljocht te setten. Sa nimme se de lêzer mei fan foar de widze oant oer it grêf.

Harke Bremer (1955) en Jarich Hoekstra (1956) skriuwe sûnt har studintejierren tegearre. Fan harren ferskynde earder it satiryske heldedicht Leffert.

It smelle ûngelok | Harke Bremer & Jarich Hoekstra | ISBN 978 946 471 031 1 | Paperback | 56 siden |
ferkeappriis € 12,50 | ferskynt 23 novimber by Bornmeer


Covidwiksel

Sietse de Vries

Covid kin in oar minske fan ien meitsje. It oerkomt Jan de Vries (06-06-1952, Dinnestrjitte 53b, Ljouwert) as er op deselde dei yn Medysk Sintrum Ljouwert opnommen wurdt as Jan de Vries (06-06-1952, Ingelskestrjitte 28, Ljouwert). Fiif wike letter, as de dokters him better ferklearje en mei in taksy nei hûs stjoere, stapt er in oar libben yn.

Men hearde wolris oer lytse poppen dy’t op de kreamôfdieling fan in sikehûs ferwiksele waarden en mei de ferkearde heit en mem nei hûs stjoerd waarden. Dat der soms ek âlde mantsjes – ûnder dy kategory foel er sa njonkelytsen – ferwiksele en nei in ferkeard hûs stjoerd waarden, wie nij foar him.

Covidwiksel | Sietse de Vries | ISBN 978 946 471 030 4 | Paperback | 144 siden |
ferkeappriis € 17,90 | ferskynt 23 novimber by Bornmeer


30 novimber ferskynt by Bornmeer


De rebel

Joseph Roth

Andreas Pum hat oan de ein fan de oarloch net folle oer. Hy hat noch ien skonk, in fergunning foar in draaioargel en in medalje op it boarst. Mar hy hat ek syn leauwe: yn minsken, yn alles dat boppe him stiet, yn it regear, yn God. Lykwols sil er dat geandewei allegear noch kwytreitsje, sadat er úteinlik net iens mear nei de himel ta wol.

Joseph Roth (1894-1939) skreau omtrint hûndert jier lyn dizze ynkringende roman oer in inerlike en uterlike omkear. Ek mei dit wurk lit Roth sjen dat er in skerp waarnimmer is fan persoanlike en maatskiplike ûntjouwingen dy’t fan alle tiden binne.

De rebel yn ’t Frysk | Joseph Roth | oerset troch Fedde Douwes Dijkstra | ISBN 978 90 5615 991 7 | Paperback |
144 siden | f
erkeappriis € 16,90 | ferskynt 30 novimber by Bornmeer

 


Bijlagen en downloads

Inkijk_Covidwiksel.pdf
Download bestand
OMS_voor_covidwiksel_hr.jpg
Download bestand
Inkijk_De fjildferhalen.pdf
Download bestand
OMS_voor_de fjildferhalen_hr.jpg
Download bestand
OMS_voor_it smelle ûngelok_hr.jpg
Download bestand
Inkijk_It smelle ûngelok.pdf
Download bestand
Inkijk_BM_Rebel_LR.pdf
Download bestand
Omslag-voorzijde-De-rebel-roth-bornmeer-HR.jpg
Download bestand