24 oktober 2022

'Nachtskriuwer' fan Jannie Regnerus, Jetske Bilker

 

20 oktober ferskynt by Bornmeer

Nachtskriuwer

Jannie Regnerus, oerset troch Jetske Bilker

 

Hannah is restaurateur yn it Ryksmuseum. By tafal komt se yn oanrekking mei it wurk fan in blyn wurden Fryske dichter. Lykas Blynman is se grutwurden op it lân en by de bisten en yn syn poëzij fynt se har eigen bernetiid werom.
As restaurateur fielt se har sterk besibbe mei syn manier fan wurkjen. Dêr’t sy lagen troebel fernis fan skilderijen ôfhellet om de details en kleuren dêrûnder wer foar it ljocht te heljen, graaft Blynman troch desennia fan tsjusternis hinne, werom nei de bylden fan syn bernetiid, doe’t er noch wol sjen koe.

Se beslút om him achternei te reizgjen nei it Waadeilân dêr’t er alle simmers kampearret. Yn yntime petearen ûndersykje se de wurking fan it ûnthâld en de ferbylding. Mar foaral leart Blynman har wer de sintugen te brûken, op it eilân fan helmgers en fûgels, en by it swimmen yn ’e see.

Jannie Regnerus (1971) is skriuwer en byldzjend keunstner.

Nachtskriuwer | Jannie Regnerus, oerset troch Jetske Bilker | ISBN 978 90 561 5995 5 | paperback | 88 siden | ferkeappriis € 15,00 | Ferskynt 20 oktober by Bornmeer


Bijlagen en downloads

Nachtskriuwer_inkijkexemplaar_lr.pdf
Download bestand
Nachtskriuwer_front_hr_klein.jpg
Download bestand